Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Moadewyn

Lyrysk Deiboek
Moadewyn PDF Print E-mail
Do wyngod dy’t de tûken bûcht
en draait de hoanne op ‘e toer,
dyn twirjen beart de ierde oer
en keart de minske nei’t sy hoecht.

Image

Sy wol net misse dizze kear
de lakjas neffens westewyn
dy’t raast der skuorrend fûl op yn
en brekt har iepen foar de sfear.

Image

Mar jout de stoarm him letter del,
dan is it glêde fan de lak,
ferdwynt de sekjas yn de bak
en strykt de eastewyn oer ’t fel.

Image

admin

Bûtenkant

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wat en hoe is ûnbekend,
mar ’t lei al skoften yn it gers
as koe ’t syn draai net fine,
want it woe mar net ferdwine
en omdat it dochs net went,
betinkt men in fantastysk fers.

Image

Ik wie in stielen fet
mei oalje, enerzjy
foar rôljend wrâldferrin,
mar safier kaam it net:
in fal, in skuor en sjoch
hoe’t ik ferrustke bin.

Image

It wa en hoe is klear as glês:
it libben leare oan de bern,
dêrnei it eigen fine,
te fol om samar te ferdwinen;
no is libbensrin har oan te sjen,
de bûtenkant, mar foar de ynhâld… lês:

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum