Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rôvjende lieders

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Profeet Hoséa fulminearre:
‘Israel, do rôversfolk,
gleon op matearje,
sjoch nei boppen hoe’t de wolk
fertelt fan it mystearje.

Jim liedslju sjogge nei tirannen
oer de grins foar hieltyd mear
en help fan ’t leger,
mar de fijân stiet al klear,
jim bystân komt fan heger.

Sjoch hoe’t jim lieders har ferrykje
mei de offers fan it folk,
’t wurk fan rebellen;
sjoch en harkje nei de wolk,
dy sil de kear fertelle.

Syn skaad falt oer de lieders hinne,
dy’t net langer stean op grûn
fan wiere wurden,
sy ha har maat al fûn,
de dea troch skerpe swurden.’

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Profeet Hoséa’ 

admin

Stream fan boppen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gillis van Coninxloo*

Image

Dêr sit er oan de blauwe stream,
Hoséa, Israels profeet,
en lit syn tinzen oer it lânskip gean;
wat komme sil, is noch gjin weet,
it hat mear fan in dream.

Wat west hat, wie gjin tinken oan,
it wie foar Israel in byld:
syn eigen frou, as hoer liet sy har gean,
lykas it folk, al like wyld,
foar God wie it bedoarn.

De âldste soan: God sieddet ûnheil.
De dochter: Gjin begrutsjen.
De jongste: Net myn folk.

Mar sjoch, it streamt fan boppen ôf,
it lânskip tilt fan wille op,
de fûgels sweve op ‘e waarme wyn
en út ‘e fierte klinkt de rop:
‘De hoer wurdt wer ta frou.’

Myn âldste ropt: ‘God sieddet heil.’
De dochter fynt begrutsjen.
De jongste soan heart ta syn folk.

* Gilles van Coninxloo (1544-1607)
Skilderij ‘Hoséa, profeet yn in lânskip’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum