Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Griene hoop en rap brún

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Image

Se hawwe noch gjin wedstriid wûn,
it team fan Rienk*, yn meditaasje
op it achterdek,
de liuw wie lui, hat net hurd rûn,
mar hjoed sjocht elk syn kont en mei de bek
jout hy de lea mear faasje.

Image

Dat wol de hoop, de griene lea,
mar dêrmei fart er net allinne,
want sjedêr de Pan
op ’t earste plak, yn eigen gea
is Douwe**, grien as gers, foar Snits de man,
hy sil de wedstriid winne.

Image

Wêr bliuwt De Lemmer, ek al grien,
gjin hoop mear op ‘e blauwe wimpel?
Wêr is ’t Hearrenfean,
krûpt brún fan fjirtjin op nei ien?
Mei wite wjukken fljocht de rappe earn
en wint de searje simpel.

Image

* Rienk Zwaga
** Douwe Visser

admin

Filmstjerren

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Image

De lytse filmstjer op ‘e rotsen
yn bikiny as portret
hat fan ’t reële gjin ferlet,
want werklikheid en fiksje botse.

Sy sjocht net hoe’t De Lemmer sile
sil as winner oer de streek,
nei ’t finishskot in plom fan reek,
sy hat har rol al sân kear spile.

Hy is al jierren út roulaasje,
mar giet alle dagen nei
de echte striid en sylt dan mei
yn syn ferbylding, dan mei faasje.

It leafst sit hy wat leech, allinne
by it wetter, ûnder pet
en yndruk fan wat skippers set
ha oan de mêst om mar te winnen.

En ûnder ’t silen komme bylden
him foar eagen hoe’t it wie
doe’t hy it roer yn hannen hie
en dat sy faak de priis besylden.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum