Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Timpel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Lit ús dwaan de hannen gear
yn ’t lânskip as in timpel
dêr’t de stâlen pylders binne
mei as kapitelen dragend wyt,
de himel sûnder wyn fan lear
en tongerslach as stimpel,
wol de geast fan lit ús hinne
gean sa as de timpel stiet.

De flierren binne klaaid mei ’t giel
fan strielen út ‘e hichte wei,
de wei is hillich foar de siel
dy’t wjukslacht as de iere hij.

Image

Hy hat siedde dat it aai
brekt út yn ’t jonge libben,
stimmen dy’t de grûn besjonge,
fûnemint fan dizze timpelsteat
dêr’t pylders rize út ‘e klaai
as dragers fan de ribben,
fierwei siedzjend ûnberonge
lykas god op boerepleats.

admin

Tugen foar de wille

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se drave yn de greide om
en komme by my by de hikke,
binne fôle foar de folle rom
by tugen en by springen
foar de baas nei ’t heechste rikke,
mar lûke yn de stringen?

Image

Har maten ha de mar as mêd
fan swarte twirren oer it wetter
dêr’t fûl striden wurdt foar doarp of stêd
mei tugen heech foar ’t winnen
earst de priis, de wimpel letter,
mar bealgje yn de sinne?

Image

Dêr lizze foar de swiere taak
de stielen hynders mei as stringen
kabels, hysjend, sakjend withoefaak
om effisjint te tillen
en it measte op te bringen,
mar tugen foar de wille?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum