Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skepping

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De moarntiid riisde út ‘e ôfgrûn wei
en skeat it ljocht de hichte yn,
dat om de foarmen ware noch it tsjuster
as bleau de ierde yn de ierens blyn,
mar sjoch it wie in skeppingdei.

Image

De Skepper eage út ‘e hichte wei
en glied mei ’t ljocht de lichte yn
sadat de foarmen kamen út it tsjuster,
in griene skiente yn de sinneskyn,
want sjoch it wie in skeppingsdei.

Image

De dei ferrûn en naam it griene mei
de hichte yn nei golle groei
lykas de Skepper ier al stie foar eagen:
‘Wês op jim ierde fruchtber, kom ta bloei,
dan is ’t in goede skeppingsdei.’

Image

admin

Muzyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It dreunen fan it donkerblauwe swurk
as paukeslach op meande greiden,
gielich flues midsmank de reiden,
rôlet oer it sjongen fan de ljurk.

De jubel fan it felle giel tsjin ’t swurk
as ’t klimmend lûd fan tsien trompetten
hat de berm oan ’t swingen setten
foar’t de motormeaner docht syn wurk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum