Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Watson en de haai

Keunst
PDF Print E-mail
fan John Singleton Copley*

Ik kin ’t ferhaal al neifertelle,
skilder Copley hat it fan my heard
dat nimmen foar syn oere stjert,
de kleau lykwols wie mar in smelle.

Image

It barde yn Havanna’s haven
doe’t ik naam in frisse dûk,
in oere frij fan wurk en broek
om ’t wetter troch te draven,
sa’t se rôpen: as in spoek.

Ik krige net genôch fan ’t swimmen,
seach de skimer fan de dei
sa’t ik dêr op ‘e side lei
begûn der wat te glimmen,
’t wie de finflits fan in haai.

Ik koe net oars as roppe, raze,
rekke op ‘e rêch, panyk
fansels, gjin spier woe mear omlyk,
ik hearde ’t ûndier blazen,
seach de wrâld ferdraaid en bryk.

Doe klonk ynienen wyld it klotsen,
oeral lûden yn it rûn;
it tou, de tosken, de harpoen,
it fielde as in botsing,
mar it ûndier wie ferdwûn.

Image

Ik sjoch mysels foar ’t earst dêr lizzen,
alle spieren yn ferskrikking spand;
ferhaal en doek, deselde kant,
dat woe ik Copley noch wol sizze.

* John Singleton Copley (1738-1815) hat Brook Watson
(doe’t dy fjirtjin jier wie) nei de realiteit skildere,
mar wol yn de trant fan de romantyske groepsskilderijen
(sjoch ek ‘It flot fan Medusa’ fan Théodore Géricault).


admin

Batsjêba baait

Keunst
PDF Print E-mail
fan Cornelis Cornelisz.*
Image

Besletten is de frouljustún
troch muorrestien en beamtegrien,
’t paleis is fier, dêr stiet net ien,
gjin sicht foar struner en skarlún.

Dêr sit Batsjêba, blank en bleat
en wylst har folk de skonk optilt,
ferkeart har man op ’t oarlochsfjild,
Uria striidt foar foarst en steat.

It wetter streamt út boarst en krûk
fan ’t byld dat dochs net strune kin,
ek David hat it sicht ferlern,
’t rint oars as yn it bibelboek.

Image

fan Salvador Dalí**

De Costa Brava biedt noch mear
as ’t badsje yn Batsjêba’s tún,
de froulju binne ek noch brún,
dat Davids libben nimt in kear.

Batsjêba hoecht net nei ’t paleis
om oan syn lusten te foldwaan,
Uria’s dea is fan de baan,
de mins is mear as fel en fleis.

* Cornelis Cornelisz. (1562-1638), skilder yn Haarlem,
sammele gipsen ôfjitsels fan klassike bylden.
De ynfloed dêrfan is yn it skilderij ‘Batsjêba yn it bad’,
dat er yn 1594 makke, dúdlik werom te finen.

** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne yn Catalonië.
Hy skildere yn ferskillende stilen en behearske de technyk
perfekt.
It skilderij ‘Baaisters oan de Costa Brava’ hat er makke,
doe’t er njoggentjin jier wie. 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum