Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wâld sûnder namme

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacob Jacobsz. van Geel*

Image

In wâld fan beammen op ‘e hichte,
stammen oantaast en misfoarme,
tûken teistere troch stoarmen,
inkeld útsicht yn de lichte.

Ik, skilder Jacob, bin dat wâld,
as boarger libjend op ien foet,
te earm foar noch in twadde,
makke ik in úthingboerd,
omdat de bakker swarde,
hy soe my bringe foar ’t gerjocht,
as ik him net betelle,
dat doe ha ‘k dat boerd betocht,
no kin ‘k wer brea bestelle,
ik as mantsje fan de wrâld.

Sjedêr de mantsjes yn de sinne,
streekjes tusken hege stammen;
wâld fan beammen sûnder namme
smyt it skaad der samar hinne.

* Jacob Jacobsz. van Geel (1584/1585-1638)
hie in libben mei problemen yn en bûten
de húshâlding. Syn skilderijen binne
in útdrukking fan syn libbensstriid.

admin

Vanitas-stillibben

Keunst
PDF Print E-mail
fan David Bailly*

Image

Wat libbe hat dat is ferstille:
glimkjend bern ta byldsje getten,
jong en âld yn streken setten,
kleurich fêstlein, hjir bin ik,
de deadskop jout gjin hik of kik,
de holle hie de measte wille.

Bestean is neat mei neat, seit Preker:
skreppe yn de gleone sinne,
dy’t wol draait, mar nearne hinne,
minsken komme, hjir bin ik,
en stjerre, jouwe hik noch kik,
dus drink mei fleur de folle beker.

Image

Hoe kin ik fleurich wêze
by de tafel mei de dea
foar eagen en it wêzen
fan myn leafste achter glês
dêr’t ik har lot yn lês?

Mar ík sjoch mem har wêzen
sûnder tafel mei de dea,
sy kin net fierder wêze
as it glimkjen fan de rêst:
‘Drink do mei fleur dyn glês.’

Image

* David Bailly (1584-1657) is berne yn Leiden.
Hy hie fiif jier syn ferbliuw yn Dútslân en Italië
om de kost te fertsjinjen. Yn 1613 kaam er werom.
Hy hat in protte portretten yn lyts formaat makke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum