oktober 21, 2016
Juster rûn ik by de Snitser wetters lâns dy’t heger stiene as de lêste dagen nei de stoarm mei bakken rein, ik tocht oan Kopenhagen, miskien lei dêr in kâns. Stadich foer in giele boat de dize yn, Stobbewylgen stiene stiif by hurde wyn Dreamend echt, wat wâlet werklik, wat is skyn? |
oktober 21, 2016
It kaam yn de berjochten foar, mar ’t wie hast net te leauwen, fan de deade noch gjin spoar.Der lei noch snie, de grûn wie hurd, ik hearde fûgels skreauwen; koe men oan op boades wurd? Doe ware dize oer it gea, Nijsgjirrich wie ‘k, dus rûn ik troch, It tichte grêf fan smoarge snie, |