Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Simson

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy stie as Simson yn de wyldernis,
it brede stal stiek driigjend ôf
mei earms foar deaslach ree,
syn libben like ivich wis,
mar wol op ’t selde stee.

Se ha him amputearre, lyk ek skeard
as wie ’t de opset fan in frou,
de Filistynske wraak,
wylst hat er him nei binnen keard,
besinning op syn taak.

En sjoch, syn krún waard grien fan ’t nije hier
as hope op ‘e âlde bou,
de wraak fan Israel,
mar tûken rikke net sa fier,
hy leit him dêrby del.

Image

admin

Mei de sinne mei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wylst it folk noch yn de slom lei,
rûn ik de sinne yn de mjitte
dy’t krekt troch de wolken bruts,
syn spoar oer ’t wetter luts
en noege om te sitten:
‘Sjoch hoe’t ik hjoed wjukje troch de dei.’

Wylst de sinne troch it swurk fleach,
woe ik genietsje fan it sitten,
mar ’t wie aksje wat ik murk,
’t hielal wie oan it wurk
en ik koe ’t ek net litte,
draafde mei, mar ’t skaad waard my ta pleach.

Doe’t de sinne nei de kym foel
en ’t warber folk noch efkes sitte
woe, rûn sy oer ’t kuierpaad
mei njonken har it skaad,
sy hoegde ’t net te mjitten,
fan de jûn genietsje wie har doel.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum