Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pinegaffel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Se sylden op ‘e mar foar fol,
hoewol’t de wyn it brûzje liet
en himden waarden dweiltrochwiet,
it waar wie foar de skippers gol.

De liuw gie folop yn de striid
en liet de rest de spegel sjen,
’t wie doe al dúdlik foar de fan:
it waard dy middei sûperstiid.

Image

De swurdetraper hie it drok,
hy brûsde troch it skomjend wiet,
song ûnderwilens lûd syn liet:
‘Ik bliuw derboppe, ha gelok!’

Dêrboppe gie it wol ferkeard,
de gaffel kreake, gie dwerstroch,
gjin sûpersfeest oan board, want sjoch:
de skippersfrou fûn it mar neat.

Image

admin

Baaierswaar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Foar ’t wâlpublyk hie Earnewâld in tip:
gean sitten yn in lange rige
om te poatsjebaaien yn it Sigersdjip.

De skûtsjesilers brânden fan it dek,
de hannen gloeiden fan de blierren,
om te baaien skeaten se gjin skippen lek.

Twa manlju rekken dochs noch fan it skip,
se waarden troch it hout lansearre
fan de brutsen loete foar in koarte trip.

De striid gie troch, wie spannend: ‘No dan, sjit!’
Grou wûn it krekt noch fan De Jouwer,
de bemannings baaiden yn it eigen swit.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum