Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Langwarder duo

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

It gie net langer mei de griene
mei syn brede kop en kont,
hy koe de oaren net besile,
liet him net mear sjen oan ’t front:
foargoed útspile.

Image

Dan mar in nije swan op ’t wetter
mei de namme Donia,
wat klonk poëtysk yn de earen…
moast Langwar it dêrfan ha?
’t Gie om de eare!

De âlde griene en de nije,
beide fan itselde plak,
wat wiisde op ‘e kapitalen
fan Langwar, it jild as fak
mei syn ferhalen.

’t Ferhaal moat klinke troch de mannen
fan de skoaten en it roer,
dy’t skuorre, fiere en mei dieden
ynspirearje, dan wurdt oer
it jild net striden.

Image

admin

Nostalgyske show

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Image

It like âld, mar ’t barde yn it no:
in skûtsje mei in lading larikshout
foer inkeld foar de show.

It skûtsje kriich de balken fan De Rat,
dy’t seage mei de wjukken op ‘e wyn,
dêrnei de fracht jûn hat.

De lytse triuwer brocht de gong deryn,
omdat de motor seil en fok ferfong
koe ’t skûtsje sûnder wyn.

’t Ferline libbet út en troch wer op
mei wjukken, seage, larikshout en skip,
de nostalgy yn top.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum