Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pyk-ADHD

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie ferline jier in drama
foar de mem dy’t alle bern ferlear
oan ’t ûnderwetterryk;
se woe perfoarst net noch in kear
in libben oan de dea gelyk.

Image

Se fûn in koer tichtby in planke
dy’t al surfde yn it einebrein
as eilân út ‘e wei;
se hat doe tolve aaien lein,
nij libben, mar de dea benei.

Image

De koer is yn it wetter sakke,
wat traumatysk wie foar pyk út aai,
net mear foar sizzen ree;
de planke like fierste saai,
it lei him oan ADHD.

It jonge spul wie net te hâlden,
want der wie gjin pikeritalin
yn ’t boppewetterryk;
wat hie foar mem it noch foar sin,
in libben oan de dea gelyk?

Image

admin

Bonus

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik seach de riken oan de bûlevaar
mei dikke búk en keale plasse,
lykas ik al út it wurk;
har boaten rûnen gjin gefaar,
dêr soe de beurs op passe.Image

Se glommen oan de rike bûtenkant
en wiene kleurich pavoisearre,
teken fan al út it wurk;
de eigner as in bonusklant
hat net in mins skansearre.

Ik hie ’t wol sjoen dêr oan de bûlevaar
en rûn de grêften lâns nei minder
grut en glimmend, wylst ik murk
ferhege fleur mei moaier waar
en buken dúdlik tinder.

Troch ’t glimmen hinne seach ik myn bestean
as bern, dat boarte op ‘e lûken,
op ‘e koai lei yn de durk…
en op ‘e wetterpoarte stean,
myn bonus om te brûken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum