Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kampioen op Seolto

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

As de weagen rôlje troch de waring,
de skoaten rinne út ‘e klau,
dan wurdt gjin keardel sparre,
mar wêr is Grou?

As de gyk it skomjend wetter rekket,
it stekt mei ’t roer ferrekte nau,
dan bliuwe keardels wekker,
mar wêr is Grou?

Image

Nee, net dat wy no sliepe,
wy nimme hjoed gjin risiko
mei op it skip in slingermêst,
ús kampioenskip stiet al fêst
en fierder leit noch alles iepen…
watsei… De Jouwer hat noch kâns?
Jawis, dat is in risiko,
mar nee, hy leit no op it sechde plak
en mei in twirre út balâns,
wy steane hjir op ús gemak
op ’t dek fan Seolto.

Image

admin

Yn shock

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Hy sit ferwezen op ‘e lûken
as de jongste fan de Meeter-ploech,
want de klap kaam bonkhurd oan;
se koene him as peiler brûke,
ûnder ’t seil hold hy it krekt noch droech,
want dêrfoar wied er skipperssoan.

Image

Lizze skûtsjes oer itselde board,
gjin kop sil op ‘e oare rinne,
parallel, dus feilich sylt de float,
de rapste rinner sil it winne.

Komt it iene op it oare ôf,
dan kinne hurde koppen klappe,
ek al is de Iselmar net nau,
de skipper lit syn skûtsje stappe.

Image

Doarp Huzum koe gjin lijen brûke,
sylde feilich oer it goede board
mei in konsintrearre ploech;
Súdwest kaam skealik út ‘e hoeke,
’t hie wat fan in oanslach, krekt gjin moard,
’t gie foar de jongste wat te rûch.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum