Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mannichfâldich ferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat syn warber libben hân,
beweecht troch krupsjes hast net mear
en fielt him neaken yn de wrâld;
hy siket skûlplak yn it lân
fan oerfloed, docht de hannen gear,
sa heart it foar wa’t is al âld.

Sy is noch jong, hat al in bern,
stiet efkes stil yn ’t waarme sân,
want swier is ’t dragen fan de wrâld;
oan har is ’t sjouwen net te sjen,
it libben hat sy yn de hân,
har eigen en yn mannichfâld.

Image

admin

De hichte yn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It moat yn dizze tiid de hichte yn
om fêst te stean foar ’t ûnderhâld
fan ’t godshûs dat, al ieuwen âld,
te lijen hat fan waar en wyn.

Hy stiet breedút, de fuotten stangefêst,
de hannen klamme om it stiel,
de helm, oranje boppe, diel
fan ’t spul, fan hichtefrees gjin lêst.

Image

De man fan Nazaret yn tryst swart-wyt
en sûnder hân of foet, jout oan
de toan fan Bach syn passion,
crescendo, njoggen man mei flyt.

It moat yn dizze tiid de hichte yn,
it krús foar ’t geastlik ûnderhâld,
mar ’t godshûs is fan binnen kâld,
’t is ek al tweintich ieuwen lyn.

Image
Peter Paul Rubens

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum