Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e grins

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se hearre ta it sterke skift,
de einen fan de stêd,
en komme út ‘e nacht fan ’t wite
winterwaar, foar ’t moed wol let:
de lêste oanfal op har drift.

Dochs stekke se de fearren glêd
dêr op ‘e grins fan iis
en wiet, fan stêd en wite krite,
gjin fear sit no mear yn de tiis,
de klier jout jerkelûkend fet.

Se skôgje koart de kriteloft,
dy’t eaget nochal griis,
mar grif komt der in oare rite,
gjin flok bringt har mear fan de wiis,
it brulloftsfeest wurdt ’t drokste skoft.

Image

admin

Tusken stiel en status

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It bylket as yn it ferline:
de stjelp mei alles ûnderdak,
it grien en read fan doar en blinen,
iepen, sletten, elk syn plak.

De beammen riisden foar ’t ferbinen:
de himel mei it ierdske lot,
it lok wie op it hiem te finen,
boer en wiif nêst harren God.

No stiet er tusken stiel en status,
fersonken yn de keale kak,
noch altyd op deselde basis,
iepen, sletten, elk syn plak.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum