Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nij-Guinéa

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Nij-Guinéa,
gjin foet wie op it eilân set,
dochs hearde ’t by it heitelân,
bestjoerd út ‘e Molukken wei,
mar kaam de eigen fuotstap net,
dan wol de print fan fijâns hân.

Image

Nij-Guinéa,
de Triton sylt al op dy oan,
in ekspedysje mei as doel
it earste fort foar goed bestjoer,
mar sûnder kening op ‘e troan,
it wâld wie dêr in tizeboel.

Nij-Guinéa,
foar ’t earst in flagge op dyn grûn
en wol op kenings bertedei,
it read-wyt-blau heech boppe ’t fort,
de lege bou mei eare jûn,
it wâld derby, de ein fan wei.

Image

Nij-Guinéa,
dyn eigen folk lit him ek sjen
mei pilebôge, siik fan lea,
en stekt soldaten oan, it fort
giet yn de tizeboel ferlern,
de lege bou wurdt wer dyn gea.

* Yllustraasje ‘De Triton ûnderweis nei Nij-Guinéa’

* Yllustraasje ‘Fort Du Bus yn 1828’

admin

Stoomtiid

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

It wie mei stoom al gau te dwaan,
masines koene ’t skip wol lûke,
de feart siet der sa fleanend yn,
mar soms koe ’t seil de wyn noch brûke.

In stoomskip foer út Rotterdam
de Skelde op**, ’t wie fier te rûken,
oergeunstich wreekte him de wyn,
mar dochs… de tiid koe ’t fjoer wol brûke.

It wie in tiid fan grut en hurd,
de Atlas soe de wrâld befarre,
mar mei de bou gie ’t yn de wyn,
de reek ferwaaide lykas flarden.

In Ingelsk stoomskip kriich de geunst
fan kening Willem en marine,
it foer it fiere westen yn***,
koe east en west mei stoom ferbine.

* Skilderij út it Skipfeartmuseum te Amsterdam

** Yn 1823 foer it earste stoomskip
fan Rotterdam nei Antwerpen

*** Yn 1827 foer in stoomskip fan de Keninklike Marine
hinne en werom de Atlantyske Oseaan oer

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum