september 22, 2025
As in pealtsje boppe wetter
stiet it foar de takomst fêst:
de minske striidt foar it behâld
fan rjocht troch nei de hoarizon:
wolkom freugde fan de wrâld!
Streekrjocht wiist it nei de sinne,
oarsprong fan in rom bestean
dat jong begjint en rint nei âld
mei útsicht op de hoarizon:
wolkom freugde fan de wrâld!
As in pealtsje tusken wyn en
wetter sil it elk ienkear fergean,
it is sa’t de natoer it wol
mei alle libben op ’e wrâld:
sis de freugde dan farwol!
september 18, 2025
Hoe lang sil it noch stoarmje,
swypket wyn de weagen op
en is de wrâld yn ûnstjoer…
wat as de tinzen doarmje?
Men kin net langer tinke,
want it libben is mar koart
as woartels it net hâlde,
sirenes kleiend klinke.
Wa doart it túch te hysjen
nei seizoenen ûnder ’t kleed,
tsjin twirren yn lavearje,
net fêst oan de tradysje.
Syl skraal tsjin wa’t it stoarmje
litte, weagen read fan bloed
opswypkje; oer wa’t moardzje,
sil ’t lot him net erbarmje.