Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Slaggen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

By ’t winter sloech er flink syn slach,
earst mei de tuskenmuorre,
dy’t feroare yn in steapel pún;
syn stienslach gie troch neare nacht,
in blikje kola foar de toarst
en doe’t it slagge: proast!

Gjin bist docht oer de bult ferslach,
it sil syn tiid wol duorje
en ek duorsum is de steapel pún,
mar wa slacht op dy stienslach acht?
It blikje is de dissonant,
eksoatysk: kolaplant.

De maitiid, op it groeien wach,
slacht ta mei plant en blommen,
kamûflearret knap de steapel pún;
it stek stiet troch de tiid op wacht,
is tsjûge fan it hiele spul,
mar set de stân op nul.

Image

admin

Slingerstreken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Skepper hat gjin gaos wollen,
makke skieding tusken see en lân,
joech Adam al it teken
fan fiif fingers oan de hân:
sa rint de grûn yn streken.

Dy grûnslach rekke yn de holle
by ’t bewurkjen fan it lân,
dat sûnder skeppingspreken
komt it wurk út minskehân:
de ierde leit yn streken.

De Skepper skoep lykwols ek mollen,
mei de bult in ûngeregeld bist,
foar boeren dochs in teken,
dus mei slingers, want sa is ’t:
de minske hat syn streken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum