Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De dea fan swarte pyt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin bern hie ’t yn de gaten
wat him boppe ’t holtsje gie
en dat der noch in tsjerke stie
om oer dy pyt mar net te praten.

Hy rûn heech yn de goate,
seach sa no en dan omleech,
it wie te sjen, hy hie it dreech
en frege help fan eigen soarte.

Image

Op strjitte wie gjin swarte,
doe gie del it reade tou,
dy nacht noch nommen fan de bou,
foar ’t hingjen hat er ’t spul ynkoarte.

Gjin bern hie ’t yn de gaten,
hat pyt ek net hingjen sjoen,
se binne sjongend fierder rûn
nei ’t kleurich mearke yn ’t teater.

Image

admin

Groei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It hawwe gjin kabouters west
dy’t soargen foar in rynsk seizoen,
se wolle ha, de groei is sûn,
de reade gloede docht de rest.

De kenner wit fan foet en hoed,
de stâle krûpt rap út ‘e grûn,
dêrboppe strielet read yn ’t rûn,
de fraach is wat is kwea, wat goed.

It hawwe net de einen west
dy’t soargen foar tsjok einekroas,
de groei fan dat produkt rûn oars,
de marketing die doe de rest.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum