Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Filmstêd

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Aït-Ben-Haddou, de stêd
dêr’t mannich karavaan
de hannel brocht ta grutte hichte,
strielet no noch it ferline út.

Stêd dy’t mei de skiednis rêdt
yn searjes en yn films,
bringt hiel de wrâld no op ’e hichte
fan ferhalen út ’e Bibel wei.

Soms ferfart út Israel
in stêd nei de woestyn,
dêr’t moslims Allah noch heechachtsje,
fan in produsint komt sa’n beslút.

Kristus komt dan op bestel
nei Aït-Ben-Haddou
op godsbesite by Mohammed
om te praten oer de goede wei.

* Foto ‘Aït-Ben-Haddou yn Marokko’

admin

Nea mear

Keunst

fan Paul Gauguin*

As de raven him skril hearre lit,
twa froulju ’t needlot flústerje,
tinkt sy net mear oan seks of sa’t
sy yn it libben omslein hat.

As de raven skrassend ropt ‘nea mear’,
de froulju flústerje ‘de dea’,
wit sy dat dit it lêste is,
in bleat bestean is lang net wis.

Rûne foarmen hawwe dan gjin nut,
it leit net oan in bleate hûd
of skonken fierder útinoar,
it giet allinnich no om har.

No’t se dêr sa neaken hinne leit
lykas in berntsje berne is,
har skamte is foar elk te sjen,
gjin libben is foargoed ferlern.

* Paul Gauguin (1848-1903)
Skilderij ‘Nea mear’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum