Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn it deadsgebiet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De oanfleanrûte wie wol goed,
krekt foar de heuvel loek er op
om rom deroer te kommen;
in lêste check noch foar de top,
mar doe sprong ’t sein op read… as bloed.

Image

De wjukken krigen earst in klap
yn botsing mei de smelle peal
dêr’t hy omhinne kromme;
de romp wie foar de helte keal,
de brutsen sturt hong yn in flap.

De tsjiftsjaf dy’t it skouspul seach,
fleach hastich nei it deadsgebiet,
noch mei de stille tromme;
doe sloech er oan en song it liet
fan djippe rou, ien lange weach.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum