It hat west, de winterwike
mei in tichte slûs, dêrfoar in wek,
foar wetterfûgels wiet ûntwyk,
allinnich faak oan foer gebrek,
gjin ein woe foar in markol wike.
’t Wiene meastal autochtoanen
dy’t elkoar befochten om it brea,
de ien seach ’t leafst de oar as lyk;
doe kaam de seachbek út it gea
dêr’t seage waard op oare toanen.
Seachbek woe wol fierder seagje
foar in grutter wek, foar elkenien
mear romte, mar dan wol gelyk
foar ein en markol, dochs net ien
woe dat, se ha him ’t wek útreage.
Yn it gea fan meastal swarten
kamen witen amper noch oan bod,
foaroan allinnich mar as lyk;
’t hat west, de winterwike, ’t lot
fan fûgels hat sa wêze moatten.
|