Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It moast wol

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It moast der wol fan komme
op ‘e alderlêste dei
gie ’t oan, in Fries moast dochs wol mei,
hoewol’t syn skonken krommen.

Mei klean oan yn fiif lagen
ried ik hoeden oer de Kolk,
fol skuorren en ek fleurich folk,
dus gie ’t mei koarte slaggen.

Mei op ‘e rêch de hannen
én de wyn fleach ’t oer de Geau,
it wie de Alvegeast dy’t dreau
my ta de snoadste plannen.

Nei Drylts de fiere kimen
fan it suden, ‘k seach it al,
mar net de skuorren foar de fal,
dy’t troch myn skonken flime.

Se wiene krom, net brutsen,
kenne liet ik my dus net,
ha mysels op poaten set,
de skande sa bedutsen.

Image Image

Al ridende ha ‘k winske
om te brommen oer it far,
in streek te silen op ‘e mar,
te rap foar al dy minsken.

It heechste wie it gliden
boppe ’t lân as frije Fries,
mar ‘k stie noch altyd op it iis,
dus moast it wol: wer ride.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum