Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tunnelliet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Is sneintemoarn, in skiere dei
dêr’t lûden yn ferstjerre;
op ‘e wei dy’t ik berin,
kin men in fiere rattel hearre.

De latte seit dat it wol kin,
hy nimt my sneins de mjitte
foar de tunnel dy’t der leit
om my it wolkom ta te hjitten.

Ik rin al sjongend yn it gat,
it lofliet wurdt fersterke,
want de geast dy’t hjoed wer waait,
is net allinnich yn de tsjerke.

Ik reitsje út it ritme wei
wannear’t de geast in toartel
wurdt en koerend sjongt foar God,
mar mei klinkt tichterby de rattel.

De reade duvel, heal yn ’t wyt,
raast oer de tunnel hinne,
dat ik bin myn lofliet kwyt
en sil dersûnder fierder rinne.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum