Leart net ús ferline
dat in skûtsje trou
in skipper helpe kin
mei ’t dragen fan de fracht,
in roef foar skippersfrou,
in durk foar harren bern,
in sliepplak foar de nacht?
Juster koe it fine
– ’t wie in hjitte dei –
in plak op heger wâl,
mar diskear sûnder fracht;
sa’t ’t skip dêr wurkleas lei
as droege ko op stâl,
wie ’t ûntrou oan syn dracht.
Lit it ljocht wer skine
nei in neare nacht
besjocht men trou wat oars:
as feilich yn in skulp
sa foar in man of acht
dy’t sliepe as in roas
yn ’t skûtsje TROUWE HULP.
|