Wat oansprekt kin men oer ferskille:
’t Wurd dat op ‘e preekstoel leit,
de kânsel mei syn ornaminten,
skûtsjes as it op De Lemmer waait
of oars it ponkje foar de sinten.
It Wurd sprekt fan de libbensweagen,
heech oprinnend of frij flak;
de preekfeint stiet heech op syn skipke,
wiist it folk it rak, mar ek teplak
en jout foar ’t ponkje trou in tipke.
In skûtsje libbet op ‘e weagen,
krijt de geast fan romme wyn;
de skipper hinget tsjin it helmhout,
hâldt syn wurd, mar ek de gong deryn
en is mei sponsorjild fertroud.
Wat oansprekt kin men oer ferskille,
mar religy fiert it seil,
wylst skippers fiere ’t heil
op ’t skûtsjedek om Fryslâns wille. |