Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skepping of evolúsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se stiene lang al nêst elkoar,
de keale beam en minskemêst,
de iene frege oan de oar:
‘Wa wie der earst en wa kaam lêst?’

’t Wie oan de hichte net te sjen,
se rikten beide like heech,
dochs wie der in ferskil yn gen,
dat seach men op it earste each.

De beam beseach syn libbensrin
út God syn goede skepping wei,
der sprute út it oerbegjin
in beamsel op ‘e tredde dei.

De wike wie in dei te koart
foar ’t libben fan de minskemêst,
de skepping wie dus sa net bard,
in oar ferhaal waard syn hâldfêst.

Wat Darwin sei, befoel him wol,
in libbensrin sa sterk as stiel,
hy hold it grif sân ieuwen fol,
naam oan de evolúsje diel.

Foar beide hold de tiid gjin skoft,
de beam jûchheide as in mins,
de mêst bleau hingjen yn de loft,
sa fine sel en stiel har grins.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum