Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Simultaan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As de hjerringslynder net mear dûke kin,
de bollekop is skieden fan de romp,
dan giet de dierewrâld ferlern
en bliuwt de fraach bestean hoe’t dat sa komt.

As it skerpe each lêst op it hout in hint,
dan wol ’t gefoel fuort foar de maffia,
mar ’t brein fernimt earst nei dy fint
en fynt in dwerch, sa wol men it net ha.

Dwerch as byld, mar wêrom net yn de natoer
as geast, dy’t ynspirator hat as baan,
hy slacht perfoarst net ien tel oer,
wylst beide jerkes dûke simultaan.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum