Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kreakkeunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe kin de beam it as in geunst
beskôgje as de stoarmwyn beart
en ’t kreakjend hout fansiden teart?
Mar dochs, it resultaat is keunst.

Sil dan de keunstner kleie as
de libbensstoarm him kreakje lit?
Hy bûcht, springt iepen: blanke pit
as resultaat fan fêst nei los.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum