De wrâld is fol diskriminaasje,
foar de oar in plak apart,
omdat de flagge fan ús naasje
trije kleuren hat, gjin swart
en sis no sels, wa wol ynflaasje
fan ús poarsje blank patat?
Dêr’t greiden ljochtsje wyt fan ryp,
is ’t skieppeselskip like ryp en wyt,
it read en blau as teken fan de flyt
fan ’t raamwurk yn syn geile gryp.
Dêr is se dan, it swarte skiep
dat moer-allinne yn de greide stiet
te blêtsjen tsjin it eigen byld yn ’t wiet
har winsk: in ivichheid yn sliep.
Wat sille wy noch langer haatsje,
no’t de bern it ljocht sjoen ha,
sy libje swart op wyt as maatsjes,
yn de fierte is ’t al sa
en stjerre fuort aparte praatsjes,
’t giet dan hjir ek wol op ta.
|