Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Roekoepôlerace

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Der sylt in griene skou oerhinne,
it fersonken eilân yn de Snitser mar,
op Hurdsyldei de wedstriidpôle,
dêr’t in fûle striid en fleurich feest om bar
de toan oanjoegen… wa soe ’t winne
yn de rin fan jierren, wetter, wyn of grûn,
it antwurd, yn de fraach besletten,
wie oan ’t brede soal mei skippen ek ferbûn,
dy’t weagen rôlje lieten yn it mâle
en ûntnamen oan de fêstegrûn de kar,
foargoed farwol, do Roekoepôle!

Image

Far wol, it binne wiere wurden,
út ‘e djipte fan de mar en it ûnthâld
begûn it stadichoan te wâljen,
it idee wie nij, mar grûne op it âld
ferneamde plak, de Roekoepôle,
dêr’t it marremammoetskip omhinne draait
en fierderop, yn hjerstmisdize,
skûtsjes stride yn de Roekoepôlerace
en wa sil ’t winne, wa ferlieze,
is in fraach dêr’t ’t antwurd yn besletten leit:
�??far wol’ kin elke skipper kieze.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum