Fêstlein oan de bolder,
troch de hals de stange,
opblaasd troch de wyn,
sjocht hy it tsjuster yn:
syn wrâld is kleare kolder.
Middenyn de polder,
koene se him fange,
finzen nimme yn
in wrâld fan swiere skyn:
de stange en de bolder.
Kraaiend de fiktoarje
op ‘e houten hikke
nêst de ljochte hin
jout hy de dei wer sin:
‘De wrâld sil grif feroarje!’
|