september 18, 2016
Tusken grien en blau siet sy mei oerinoar de skonken, eagen nei de fierte en frij fan swierte, suver dronken, sa djip yn meditaasje mei útsicht oer it wetter, geast en lichem yn relaasje mei sin foar hjoed en… tusken har en my de hûn, sa wyt as snie en sinne, ierdske ingel yn ’t ferbûn, de wjukken om har hinne. |
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024