Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It paad bylâns

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It paad rint troch it libben,
faak der ek bylâns,
rjochts groeit it grien fan hoop
en links stekt djip it blau,
wa’t lykwols trochrint mist de kâns
en is foar ’t libben op ‘e loop.

Se libje dêr tegearre
by de simmer lâns,
de beamstam en de plom,
it wiffe bûcht al gau,
it grouwe bliuwt lang yn balâns,
mar groeit mei djippe groeden krom.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum