februari 28, 2022
Foar eagen hie de Rus it byld
fan ’t brekken fan in beam dy’t broer
wie by de berte yn ’t ferline,
doe’t noch fochten waard mei swurd en skyld.
De broer kaam foar syn frijheid op
en woe yn goedens mei de Rus,
mar sûnder him wer fêst te binen
oan de machtsdriuw fan de heechste top.
Totalitêr kaam oer de macht
fan top en leger op ’e broer,
dy’t oars net koe as grinzen stelle,
mar dy naam de Rus net mear yn acht.
De broer, in beamke by de Rus,
fûn hâldfêst by in stielen stek,
dat him de útkomst net fertelle
koe… wêr bleau de stipe fan syn sus?
De Rus, alhiel totalitêr,
bedrige doe it hiele bosk,
dat alle beammen rap ferdwine
soene… mei de broer yn it ferdjer.
It rûze lykwols oer de wrâld:
‘Lang libje frijheid, ús behâld!”
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024