It barde by it opgean fan de sinne
dat it wolkom klonk foar freugde fan de wrâld,
want elk soe hjoed de alve stêden winne.
It wie de stoer wol wurdich by de brêge:
bûge, glide, djip foaroer, gjinien wie âld
of kâld, doe efkes lins mei rjochte rêgen.
De giele ridders dy’t earjuster skoden,
wiisden oan de bûnte riders ’t wenstich paad
en prikten op wat oer de grêften stode.
Gjin stoer wie ’t wurdich by de Noarderpoarte,
elk moast oer de stiennen treppen nei syn aard,
de iene knoffele, de oare boarte.
It spitsferkear koe ’t klunend folk net keare,
redens klapten fleurich foar en achter lâns,
noch njoggen om te winnen, mar sabeare. |