Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bistespegels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit bisten har ferhaal fertelle
as in spegel foar har jongste broer
mei bylden heger as in toer
en grien as ’t iere maitiidsgers,
mar ek mei traaljes foar de sellen.

Image

De hûn, wol hûndert lopen hinne…
hieltyd wer itselde koarte paad,
net lizzend yn syn springend aard,
hy sit no ienkear yn ’t asyl…
en wer datselde eintsje rinne.

Image

De kij, wol tûzen koarte stappen
by de sleatten lâns, sa yn it rûn,
oan gers en fjouwer magen bûn
en fierder oan har melkerstiid,
dan noch op ’t fel de giele flappen.

Image

De swan dy’t glydt syn gong op ’t wetter,
lit spattend earst, dan steatlik sjen
dat hy breedwjukkich fleane kin,
net bûn troch traaljes en oan tiid,
folsleine frijheid leit him better.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum