Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de paradysbolle

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It barde yn de frjemde oarde
dy’t my noege om deryn te gean
as wie ’t it hôf fan Eden;
ik hie myn twivels, bleau earst stean,
lykwols it sicht bekoarde.

Sadwaande sette ik de stappen
dy’t my brochten nei de dierewrâld
as wie’t it hôf fan Eden
dêr’t Adam rûn yn ’t jonge wâld
om frisse lucht te happen.

Ik seach en ’t waard my swart foar eagen
doe’t in bolle swaaide mei de sturt
en ‘k wist wat wie de reden:
de lytse Adam hie gjin nut;
ik woe it wie gjin leagen.

Image

De wierheid sette ’t op in draven,
wylst de eagen ljochten feller op
en ‘k wist foarby de frede,
doe kaam de rêding mei in stop,
gjin poat mear nei myn haven.

Image

Dêr stie ik feilich út te pûsten
foar it roaster yn it frjemde gea,
ferdreaun út ’t hôf fan Eden;
syn eagen fjurren my hast dea,
mar ik hie noch myn fûsten.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum