Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Abraham

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Syn stien stiet op it Snitser hôf,
it joadske, deaden fan de âlde stam,
dêr’t hjoed de snie de skande wisket;
it lyk, sawat in ieu al stof,
wie yn it libben Abraham.

Syn foarfaar Abraham út Ur
waard roppen op te brekken, mei syn stam
te reizgjen sûnder dat se wisten
wêrhinne, dochs de skieppeboer
kaam feilich oan yn Kanaän.

Hoe feilich wie it Snitser gea
foar Abraham doe’t hy noch jonge wie,
syn reizgjen kinne wy net witte;
mei tweintich jier wie hy al dea,
te ier briek ôf syn libbenstrie.

Syn stien, mei sin ek brutsen, riist
de hichte yn, mar ek de himel swijt,
dy’t spriek, sadat se eartiids wisten
dat God de minske paden wiist,
mar net yn Snits syn wei fernijt.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum