Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ynspiraasje

Keunst
PDF Print E-mail
De profeet Sacharja
fan Michelangelo*

Image

Hy makke al dy fiere reis
nei skilder Michelangelo
en learde yn de keunst wat nijs:
hoe sjochst it deistich libben no
sa as it is, gjin moaie plaat,
mar ’t bleate lichem yn it read,
de minske tusken ljocht en skaad,
dat hat ús skilder Hendrick leard.

Hy streke Markus op it doek
dy’t, ynspirearre troch de geast,
syn evangeelje skreau yn ’t boek,
fol tearen, yn ’t gesicht it meast,
mei ’t each op ’t libben en de dea,
de liuw as maat, symboalysk bist,
dat sa belibbe Markus ea
syn Master, dy’t er libben wist.

Image

De evangelist Markus
fan Hendrick ter Brugghen**

* Michelangelo (1475-1565) wie
in Italiaanske skilder, byldhouwer,
boumaster en dichter.
Hy skildere it persoanlike fan de minske.
Earst waard syn wurk net wurdearre,
om’t it maniërisme (it ideaal werjaan)
de keunststyl fan dy tiid wie.

** Hendrick ter Brugghen (1588-1629)
wie in Nederlânske skilder, dy’t tsien jier
yn Rome wenne. Hy folge as ien fan de
earsten yn ús lân de natuerlike styl
fan Michelangelo nei.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum