Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wês net dysels

Keunst

fan Francisco de Goya*

Wês net dysels yn it bestean,
draach hege hoed, set dyn gesicht
as wiest grimmitich op ’e wrâld
fan kening, adel, klearus,
dus lit dy samar gean.

Draach wol in swurd, mar mij geweld,
want dyn bestean is hjir mar koart,
dus fier frijmoedich karnaval,
wês kening, adel, klearus…
hast al oant trije teld?

Fan ien oant trije is mar koart,
prioriteit hat gjin geduld
asto dy gean litst as in oar;
foar kening, adel, klearus
moat alles sa’t it moat.

Dus stek gerêst dyn hân mar út,
do kenst har net, bist net dysels,
dyn eigen swurd wurdt no ek grut,
sy lit it wol gewurde,
dus nim har as dyn bút.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Gjinien ken elkoar’
Print 6 út ’e searje ‘Los Caprichos’



Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum