Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjerker

Keunst
PDF Print E-mail
fan Giovanni Battista Piranesi*

Image

Gigantysk is de stienkolos
mei tsjokke muorren, treppens, bôgen,
wiffe ljedders dêr’t gjin treppen is;
wa’t hjir ferbliuwt, komt nea wer los,
sa’n tsjerker wurdt as altyd troch beskôge.

It folk dat himet finzen troch,
in klimmen nei it ljocht fan boppen,
dêr’t gjin iepen doar of finster is;
de swierte lûkt sterk oan en sjoch,
de rûts oan touwen is net mear te stopjen.

Wat is in minske yn de trêd
fan ’t libben oars as klimmer, boppe
kommen, dêr’t gjin útsicht foar him is,
wer sakjend yn syn tsjerker, mêd
op ’t lêst, gjin god of neiste te beroppen.

* Giovanni Battista Piranesi (1720-1778)
waard berne yn de omkriten fan Fenetië
en krige syn ynspiraasje fan de ruïnes yn Rome.
Hy makke yn syn libben mear as 1200 grutte etsen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum