Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sinnich lânskip

Keunst
PDF Print E-mail
fan Meindert Hobbema*

Image

In simmersk lânskip klinkend as muzyk,
basearre op in komposysje
fan in wêzen út it himelryk
dat heech sjongt fan ambysje.

Mei ynspiraasje út ‘e hichte wei
en lân en wetter as motiven,
wyn en sinne súntsjes spyljend mei,
stjoert hy syn lûdmissiven.

Jim fiskers, ien sjongt bas, de oar tenoar,
lit gean in trilling troch it wetter,
rinners rap, bejou jim yn it koar,
dat klinkt al folle better.

O Hobbema, myn grutte Hobbema,
ik wol dy út ‘e lichte groetsje,
út ‘e hichte stjoerdest geastkrêft ta,
dêr wol ik dy graach moetsje.

* Meindert Hobbema (1638-1709)
kaam, doe’t er santjin jier wie,
út it weeshûs en waard learling
fan Jacob van Ruysdael.
De Ingelske skilder John Crome
hie grutte bewûndering foar Hobbema
(sjoch de fjirde strofe).


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum