Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sabeldûns yn werhelling

Keunst

fan Jean-Léon Gérôme*

Sy koe yn alle bochten,
linigens wie har op ’t lichem skreaun,
mar ’t skriuwen lei har minder,
dat gjin streek kaam op it blêd,
sy die wat manlju by har sochten.

Gjin swurd, mar wol in sabel,
want dat wapen makke ek in bocht,
wat naadleas by har paste:
sy en sabel op ien bêd,
foar manlju wie soks formidabel.

Twa sabels, op ’e holle
ien, de oare yn de rjochterhân,
sa hold sy ’t krekte lykwicht,
stadich dûnsjend, mar ek rêd,
foar manlju die sy neat tefolle.

Sy seagen, fantasearren
mei har eigen sabel troch de rôk,
belibben sa har bleate
dûns op ien en ’t selde bêd…
de manlju ha de dûns wurdearre.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Sabeldûns yn in kafee’


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum