Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oppasse

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacob Vrel*

Image

It is te rêstich foar in kroech,
dus komme der gjin klanten
om te drinken, ek net oan it frouljusboarst;
sy sjocht it libben fan twa kanten,
wurdt fan ’t stille sitten slûch,
mar mei net sliepe, want sy moast.

’t Is ek gjin deftich hearehûs
om daliks op te springen
as de keapman dronken oer de drompel komt;
sy sjocht no ienkear fan dy dingen,
rekket healwei yn de sûs
en heart al hoe’t er op har bromt.

It streamt as bloed har troch de lea,
de plicht om wach te bliuwen
yn de sleurgong fan de lange brune dei,
de soere smaak fan soarch te priuwen:
as sy sliept, giet hy grif dea,
de ljochte kant is dan ek wei.

* Oer Jacob Vrel is net folle bekend.
Nei alle gedachten wurke er
yn de jierren fyftich fan de 17e ieu
yn Delft en Haarlem.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum