Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lizzend boartsje

Keunst

fan Karel du Jardin*

Wêrom soe hy stean of sitte
no’t de skiep har deljûn ha
en ’t hynder yn de buert bliuwt;
as hoeder hat er neat te dwaan,
hy leit it leafst mei dizze hjitte.

Fan ’e moarn hat heit him hjitten
op te passen op ’e skiep,
de hûn en ’t hynder giene
mei om op ’t soantsje acht te slaan:
‘Ik hoech net oer dy yn te sitten.’

Hy stie earst, doe gie er sitten,
deljûn hat er him op ’t lêst
om oan te gean mei harren
hûn, dêrnei him ’t gerak te jaan:
in slokje wetter yn de hjitte.

* Karel du Jardin (1626-1678)
Skilderij ‘Italiaansk lânskip mei in jonge hoeder,
boartsjend mei de hûn’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum