september 9, 2021
fan Marc Chagall*
Der bart fan alles yn ’t bestean:
de hin leit moarns in aai,
de hoanne kraait fiktoarje,
de geit springt op ’e kiste,
de ko jout molke oan de boer,
it folk wol op it ljocht ta gean.
De muzikanten spylje lûd
lju út it tsjuster wei,
want alles sil feroarje
mei ’t opgean fan it breidspear,
it famke jout de blommen oer,
read is de kleur fan ’t bertebloed.
Nij libben út skurte wei
giet op yn ’t memmehert,
it iene yn it oare:
’t bestean as nije ienheid,
gjin bertebloed, mar leafdesfjoer,
de rûne foarmen gloeie mei.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘It barren’
Brûnzen byld ‘Mem en bern’
november 14, 2024
november 7, 2024