Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Le Pouldu

Keunst
PDF Print E-mail
fan Meyer de Haan*

Image

It sicht fan de boerinne
wie fan âlds al kleure troch
it grien fan gers en grau fan bou
yn ’t deistich ljocht fan wolk en sinne,
want sy wurket as boerinne, sjoch.

Sa seach earst ek de skilder,
foar in Rembrandt gie er troch,
mei tinten sa’t it gea dy jout,
mar ’t waard de tiid fan ’t each dat skylde
wat oerstallich is yn bylden, sjoch.

Yn Frankryk kaam de sinne
op oer ’t lânskip fan Gauguin,
dy’t streekrjocht boude oan de foarm,
de kleuren streke fel derhinne,
want sa seach er yn de bylden sin.

Image
Paul Gauguin

Sa stiet dan de boerinne
wetter skeppend út ‘e put,
in oare wrâld as gers en bou,
sy sjocht it foar har sa’t dy binne,
wat hat dan it skildersbyld foar nut?

* Meyer de Haan (1852-1895)
skildere it doarp Le Pouldu,
dêr’t er yn itselde hûs as Gauguin wurke,
yn deselde trant as syn learmaster.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum