Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lânskip by Genève

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean Etienne Liotard*

Image

Dêr stiet er, links en ûnder,
keunstner fan in hege stam,
no sûnder wurk de tekenstift,
syn hân as piktogram:
Jean Liotard,
it libben is in wûnder.

Ik reizge by de hôven
lâns, fan keninklike stam,
en wurke mei myn tekenstift
portretten út, de flam
fan Liotard
is yn gjin jierren dôve.

Yn Hollân ha myn eagen
sjoen it bloeien fan in faam
dy’t wurk joech oan myn tekenstift
en lôge as de flam
fan Liotard,
ik ha it mei har weage.

Hjir stean ik wer it wûnder
te besjen fan foarm en kleur
dy’t floeiden út myn tekenstift,
fan flak nei berch, de fleur
fan Liotard,
ik koe der wier net sûnder.

* Jean Etienne Liotard (1702-1789)
waard yn Genève berne.
Hy makke in protte reizen troch Europa
en fûn syn frou yn Amsterdam.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum