november 7, 2024
fan Gabriël Metsu
It is de mem fan alle tiden:
beide hannen foar it bern
en mei it each op it gesicht,
sy stipet it oan alle siden.
It is it bern op sike dagen:
beide hannen hingje slop,
de eagen ha neat om te sjen,
gjin fraach komt út ’e lege mage.
It is it bern om te behâlden,
’t libben dat noch bloeie moat,
is hjir net om fan ôf te sjen…
hoe soe in mem net fan him hâlde?
It is de mem dy’t sit mei fragen,
dêr’t gjin antwurd hjoed op komt,
dus hâldt sy ’t each op it gesicht
en fêst oan ’t bern syn libbensdagen.
* Gabriël Metsu (1629-1667)
Skilderij ‘It sike bern’
november 14, 2024
november 2, 2024